Opskuor oer gastlessen fan PVV'er op basisskoallen Snits

15 des 2014 - 15:17

Der is op Twitter opskuor ûntstien oer gastlessen fan PVV'er Oeltsje Reinstra út Den Haach. Hy soe op trije basisskoallen yn Snits foar de klasse stean om de learlingen oer syn partij te fertellen. Minsken út it hiele lân sprekke skande fan dizze gastlessen. De skoallen krije der flink fan lâns.

It berjocht kloppet lykwols net. De skoallen dêr't it om gean soe, De Diken, OBS De Súdwester en de Piet Bakkerskoalle, litte witte dat se neat fan in besite fan Reinstra witte. Ek jouwe se oan perfoarst net iepen te stean foar soksoarte gastlessen.

PVV Fryslân is ek fernuvere oer it berjocht. Neffens fraksjefoarsitter Max Aardema is dizze man net bekend by de PVV hjir of yn Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)