DSW: "Hûnderten minsken binne dit wykein oerstapt"

15 des 2014 - 12:20

De aksje om minsken oerstappe te litten fan soarchfersekerder De Friesland nei in poalis fan konkurrinten DSW en ASR liket fertuten te dwaan. Aksjegroep Red de Sionsberg iepene hjirfoar in saneamde oerstapwinkel yn Dokkum. Neffens direkteur Aad de Groot fan fersekerder DSW hat it drok west yn de winkel.

Eksakte sifers binne der noch net, mar De Groot ferwachtet dochs dat hûnderten minsken oerstapt binne. Foar it wykein hiene sa'n 500 minsken dat al dien.

Aksjegroep Red de Sionsberg hat mear fertrouwen yn de ynspannings fan DSW en ASR om in foarm fan sikehûssoarch te behâlden foar de regio. Dêrom ropt de aksjegroep minsken op om fan fersekerder oer te stappen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)