Gerald van den Belt fuort by Cambuur

15 des 2014 - 11:00

Direkteur Gerald van den Belt giet fuort by SC Cambuur. Hy giet fan 1 febrewaris ôf oan de slach by FC Twente. Van den Belt hat yn de ôfrûne jierren tige wichtich west foar de Ljouwerter fuotbalklup. Mei troch syn ynset is de klup rêden fan in fallisemint en is de finansjele situaasje op dit stuit stabyl.

Van den Belt is sûnt 2009 yn tsjinst by Cambuur. Dêrfoar hat er wurke by PEC Zwolle, earst as proffuotballer, letter as direkteur. Kommersjeel direkteur Ard de Graaf sil de taken fan Van der Belt by syn eigen taken nimme.

Ferslachjouwer Harm Weistra docht ferslach fan de parsebyienkomst op Twitter:

Wat wurdt der Twittere?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)