Anty-kreakers wolle werom nei Mooi Gaasterland

15 des 2014 - 10:51

De anty-kreakers fan de húskes op it terrein fan Mooi Gaasterland yn Riis wolle sa gau mooglik werom. Se hawwe dêroer in brief skreaun oan Jeugdhulp Friesland, dy't de húskes beheart. De anty-kreakers krigen in pear wiken lyn te hearren dat se fuort moasten, om't der troch de komst fan asylsikers gjin plak mear foar harren wie.

No't de kâns grut is dat de asylsikers net mear nei Riis komme, wolle de anty-kreakers graach werom. Se binne min te sprekken oer harren nije âldereinwenten yn Bakhuzen en Grou. Twa minsken sitte yn in karavan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)