Jorrit Bergsma oppermachtich op de massastart

14 des 2014 - 18:06

Jorrit Bergsma hat snein mei oermacht de winst pakt op de massastart by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Bergsma naaide mei noch tsien rûntsjes te gean út en pakte dêrmei syn earste winst op de massastart. It twadde plak wie foar de Súd-Koreaan Seung-Hoon Lee. De Italiaan Fabio Francolini einige as tredde.

By de froulju gong de winst nei de Kanadese Ivanie Blondin. Sy wist de Súd-Koreaanse Bo-Reum Kim op de einstreek krekt foar te bliuwen. Irene Schouten einige as tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)