Jansma slút bobslydkarriêre ôf mei winst yn Königssee

14 des 2014 - 17:56

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein hat snein in prachtich slotakkoard jûn oan syn karriêre. Yn it Dútske Königssee pakte Jansma mei Edwin van Calker, Igor Brink en Yannick Greiner de winst yn de fjouwermânsbob. Sneon wie der al in tredde plak foar it fjouwertal by de Europa Cup-wedstriid.

It wie de allerlêste wedstriid foar de bobsliders. Freed makken Jansma, Van Calker en Greiner bekend dat se ophâlde mei bobslydzjen, om't se gjin takomst mear sjogge as topsporters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)