Soad stipe, mar ek krityk foar Voedselbank-aksje

Neist positive reaksjes, komt der ek krityk op de aksje fan de regionale omroppen foar de voedselbanken. Minsken soene der net echt mei holpen wurde, omdat se te ôfhinklik wurde fan de pakketten. Oaren sizze dat it in skande is dat der voedselbanken bestean.
Yn it programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân praten sneintemiddei wethâlder Houkje Rijpstra fan Tytsjerksteradiel, ûnôfhinklik steatelid Otto van der Galiën en Nikita Brameijer fan de Voedselbank Opsterlân oer de ferskate aspekten fan de itensbanken.
Van der Galiën fynt dat it regear him deaskamje moat dat der Voedselbanken binne. Der moat soarge wurde foar wurk, sadat minsken har wer sels rêde kinne. Neffens wethâlder Rijpstra dogge minsken der echt wol alles oan om wer op eigen fuotten stean te kinnen en fynt net ien it fijn om in berop dwaan te moatten op de itensbank.