It Amelân mei noch net ophâlde mei húshâldlike help

14 des 2014 - 17:36

De gemeente Amelân mei noch net ophâlde mei húshâldlike help. Dat fynt de fraksje fan Algemeen Belang Ameland. Ynwenners dy't húshâldlike help krije, krigen yn oktober in brief fan de gemeente mei de meidieling dat dy skrast wurdt. Neffens Algemeen Belang Ameland is hjir ûnrêst troch ûntstien. De partij fynt dat de gemeente mei minsken oerlizze moat. De fraksje wiist ek noch op de útspraak fan de rjochter yn de saak fan it echtpear út Dantumadiel. De gemeente moat earst ûndersyk dwaan nei de omstannichheden foardat der in beslút nommen wurdt.

Algemeen Belang Ameland tsjinnet moandeitejûn yn de riedsgearkomste in moasje yn oer de kwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)