Jan Smeekens pakt brûns op 500 meter
Jan Smeekens fan Snits hat snein by de wrâldbekerwedstriden op Thialf in brûnzen plak helle op de twadde omloop fan de 500 meter. Hy moast de Rus Pavel Kulizhnikov en de Poal Artur Was foargean litte. De winnende tiid fan de Rus wie 34.58, Smeekens klokte in tiid fan 35.01 en wie dêrmei in ein rapper as de earste omloop fan freed.