Sven Kramer net yn de prizen op 1500 meter by wrâldbeker

Sven Kramer is der net yn slagge om by de wrâldbekerwedstriden op Thialf it poadium te heljen by de 1500 meter. Hy kaam mei syn tiid fan 1.46.79 net fierder as in sânde plak. De ôfstân waard krekt as ferline wike wûn troch de Poal Jan Szymanski yn in tiid fan 1.45.92. Foar Nederlân helle Wouter olde Heuvel it poadium, hy waard twadde yn in tiid fan 1.46.22.