Heather Richardson wint 1500 meter by wrâldbeker Thialf

14 des 2014 - 15:01

Heather Richardson hat de 1500 meter wûn by de wrâldbekerwedstriden op Thialf. Se klokte in tiid fan 1.53.87 en bleau dêrmei de Amerikaanse Brittany Bowe mei hast in sekonde foar. Marrit Leenstra waard tredde yn 1.55.95 en ek op dizze ôfstân stie Ireen Wüst krekt neist it poadium mei in tiid fan 1.56.01. Antoinette de Jong fan Rottum einige op in 8e plak mei har tiid fan 1.58.05.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)