"Gemeenten binne aardich klear op feroarings yn de soarch"

14 des 2014 - 14:51

Alle gemeenten lykje op papier klear foar de grutte feroarings yn de soarch. Dat hat Partoer, de organisaasje dy't har dwaande hâldt mei ekonomyske fraachstikken yn Fryslân ûndersocht. Partoer docht foar gemeenten ûndersyk en advisearret by de ynfiering fan de "nije soarch".

Der binne yn totaal 60 saneamde soarchteams yn Fryslân, mar se wurde wol hiel ferskillend ynfierd. Sa binne der seis gemeenten dy't de soarchteams opdield hawwe yn jeugd- en algemiene teams. Alle oare gemeenten hawwe gruttere teams dy't alle soarchgebieten bestrike.

In grut part fan de teams hat op 1 jannewaris in "kâlde"start. Dat betsjut dat se noch gjin ûnderfining as team hawwe en fuort los moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)