Organisaasje bliid oer ferrin lânboubeurs yn Ljouwert

De organisaasje fan de 20 Noard-Nederlânske Lânboubeurs is tefreden oer it ferrin fan de beurs. De eksakte besikersoantallen wiene snein noch net bekend, de organisaasje hope op 30.000 minsken.
Op de trijedaagse beurs yn it WTC-Exppo stiene mear as 200 eksposanten, dat betsjut 35 persint mear as yn 2011 doe't de noardlike lânboubeurs foar it lêst yn Ljouwert holden waard.