Twa kear sulver foar Sjinkie Knegt yn Shanghai

14 des 2014 - 11:26

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat twa sulveren medaljes helle op de wrâldbekerwedstriden yn Shanghai. Hy pakte yndividueel sulver op de 1000 meter en dêr kaam noch in kear in sulveren plak by mei de Nederlânske ôflossingsploech. Yn de ôflossingsploech sitte njonken Sjinkie Knegt ek de Friezen Itzhak de Laat út Ljouwert en Daan Breeuwsma fan Aldeboarn.

Knegt hat dizze winter al fiif wrâldbekermedaljes wûn. Earder die er dat yn Salt Lake City en Montreal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)