Skea troch útslaande wenningbrân yn Weidum

14 des 2014 - 01:24

Yn in twa-ûnder-ien-kapwenning oan de Hegedyk yn Weidum hat sneon oan de ein fan de jûn in útslaande brân west. Op it momint fan de brân wiene der gjin minsken yn de twa wennings oanwêzich. De brânwacht fan Ljouwert en Mantgum wie gau te plak om it fjoer te bestriden. Nei de oarsaak fan de brân wurdt noch ûndersyk dien. Beide wennings hawwe reek- en wetterskea oprûn.

Trefwurden: 
brân wenning Weidum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)