Nei acht wedstriden pakt Hearrenfean wer ris in oerwinning

13 des 2014 - 21:05

Sportklup Hearrenfean hat nei acht wedstriden op rige sûnder winst, wer ris de trije punten pakt. Yn Breda wûn Hearrenfean mei 2-0 fan NAC. Mark Uth makke beide goals en is no topscorer fan de earedivyzje tegearre mei Kramer fan ADO Den Haach.

Hearrenfean wie better en pakte dan ek fertsjinne de trije punten. Nei in healoere wie der in diskutabel momint. Skiedsrjochter Manschot joech in penalty neidat keeper Ten Rouwelaar Uth ûnderút helle. Manschot joech úteinlik op advys fan de assistint-skiedsrjochter in frije traap bûten de sechstsjin.

Uth skoarde fuort dêrnei wol de 0-1. Op oanjaan fan Slagveer skoarde hy yn in lege goal. Nei in dik oere spyljen, skoarde hy opnij fraai de beslissende 0-2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)