Skaad oer Adventure Run troch stjergefal

De Adventurerun © Omrop Fryslân, Eduard Rekker
By de 11e edysje fan de Amelân Adventure Run is sneontemiddei in 67e jierrige dielnimmer út Veenendaal ferstoarn. De man die mei oan de 5 kilometer en waard dêrby net goed. Helpferlieners wienen gau by it slachtoffer, mar de help kaam te let. Fanwege it stjergefal hat de organisaasje besletten om it feest nei ôfrin fan de Adventure Run te skrassen.
It is it twadde stjergefal yn koarte tiid by in sportevenemint op it eilân. Yn septimber kaam der in dielnimmer op it libben by de Tri-Ambla triatlon.