Harkemase Boys pakt swierbefochten lyk spul yn Staphorst

13 des 2014 - 16:28
  • Keeper Erick Jansema

Harkemase Boys pakte sneon in swierbefochten 2-2 lykspul by Staphorst. Yn Staphorst kamen de Boys op slach fan rêst op efterstân. Yn de 44e minút profitearre Staphorst optimaal fan in flater yn de Harkemase ferdigening en socht mei in 1-0 foarsprong de klaaikeamers op.

Nei rêst wie it op 'e nij raak foar Staphorst en kaam de ploech fan trainer Jan Vlap yn de 60e minút op 2-0 efterstân. Ynfaller Heine Uuldriks soarge yn de 83e minút foar de oanslutingstreffer. Yn ekstra tiid tekene keeper Erick Jansema foar de fertsjinne lykmakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)