Jonge feroarsaket brân mei fjoerwurk yn de brievebus

13 des 2014 - 15:59
  • Brânwacht

De plysje siket tsjûgen dy't sneontemiddei in jonge sjoen hawwe dy't mei fjoerwurk in brân feroarsake yn in wenning oan de De Dulf yn Ljouwert. Foarbygongers seagen hoe't de jonge fjoerwurk troch de brievebus yn de foardoar smiet. Dêrnei naaide er út fia het Brandemeer. Fuortendaliks bruts der brân út yn it hûs.

De brânwacht hie it fjoer fluch ûnder kontrôle, mar in grut part fan de wenning rûn skea op troch de reek. Der wie gjinien thús doe't de brân útbruts. Tsjûgen kinne har melde by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)