Tom Genee oerwaget juridyske stappen tsjin gemeente

Eigener Tom Genee fan de akkommodaasje Mooi Gaasterland yn Riis is bot teloarsteld yn de gemeente De Fryske Marren. Freedtejûn hat in mearderheid yn de ried bepaald dat der gjin asylsikers opfongen wurde yn Riis. Ynstee dêrfan wurdt sjoen nei opfanglokaasjes op De Lemmer, De Jouwer en Balk.
Genee seit dat der in kontrakt tekene hat mei COA en de gemeente net folle mear yn te bringen hat. Hy oerwaget juridyske stappen wannear de gemeente de opfang yn Mooi Gaasterland keart. No moandei hawwe de gemeente en it COA oerlis oer de opfang.