Fuotbalfroulju SC Hearrenfean ferlieze fan FC Twente

Fuotbalfroulju SC Hearrenfean © www.vrouwenscheerenveen.nl
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ferlearen freed mei 2-1 fan FC Twente. Yn it Abe Lenstrastadion krigen de Feanfroulju yn it begjin fan de wedstriid goede kânsen op de iepeningstreffer. Nei rêst kaam FC Twente yn de 59e minút op foarsprong troch in penalty te fersulverjen. Fiif minuten foar de ein wie it opnij Twente dat it fizier op skerp hie en de foarsprong útwreide nei 2-0.
Yn de slotminút soarge Sisca Folkertsma foar de Feanster oanslutingstreffer. Fierder kaam de ploech fan trainster Jessica Torny net.