Sân bekeurings by grutte drankkontrôle Frjentsjer en Harns

13 des 2014 - 13:37

De plysje hat freedtejûn en -nacht in drankkôntrole holden yn de gemeenten Frjentsjeradiel en Harns. Mei-inoar waarden sa'n 700 minsken kontrolearre. Ut de test die bliken dat 10 bestjoerders tefolle dronken hienen. Nei in azem-analyzetest krigen sân fan harren in proses-ferbaal.

Fiif bestjoerders binne oanmelden by it CBR.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)