Foarstelling Mata Hari fan Tet Rozendal ôfsein

Tet Rozendal as Mata Hari
It optreden fan Tet Rozendal yn it Margaretha Zelle Akwadukt giet sneontejûn net troch. De aktrise is siik. De foarstelling wie mei 200 kaartsjes útferkocht. Der kin gjin nije datum fûn wurde want nije wike ride de auto's al troch it akwadukt. De organisaasje sil wol ûndersykje oft de foarstelling letter op in oare lokaasje holden wurde kin.
De oare aktiviteiten yn it ramt fan de Heakdagen geane wol gewoan troch. Sa is it trasee sneon en snein iepen foar eltsenien en is der in jûnskuier. Snein is der noch in hurdrinwedstryd.