Histoaryske kuiertocht troch Kollum iepene

13 des 2014 - 12:54
  • In kuiertocht by alle histoaryske gebouwen fan Kollum lâns
  • Boargemaster Bilker en wethâlder Boerema
  • It rjochthús fan Kollum

Yn Kollum is de histoaryske kuiertocht troch it doarp iepene. De gemeente Kollumerlân besiket mei de rûte mear minsken nei it doarp te heljen. De rûte rint by 24 fan de 31 ryksmonuminten fan Kollum lâns. Op elts monumintaal pân is in buordsje ophongen mei ynformaasje oer de skiednis fan it gebou.

Gemeente Kollumerlân hat no ek plannen om in histoaryske rûte troch Feankleaster te meitsjen. Feankleaster hat 26 ryksmonuminten, lykas Fogelsanghstate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)