Dokkumer slacht man út Ie it sikehûs yn

13 des 2014 - 12:20

In 20-jierrige ynwenner fan Ie is yn de nacht fan freed op sneon it sikehûs ynslein troch in 24-jierrige Dokkumer. De manlju wiene yn in kroech oan de Markt yn Dokkum. Neffens tsjûgen hie de fertochte al in skoftke minsken yn it kafee oan it útdaagjen west en stompte doe ynienen it slachtoffer hurd yn it gesicht.

De fertochte waard sels bûten ek noch slein troch in oare kroechbesiker. It is net bekend hoe slim it slachtoffer ferwûne rekke is.

Trefwurden: 
Dokkum rûzje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)