Meiwurker fan diereambulânse mishannele yn Ljouwert

Diere-ambulânse © Omrop Fryslân
In meiwurker fan de diereambulânse yn Ljouwert is licht ferwûne rekke doe't hy in hûn werombrocht by syn baas. De hûn waard oppikt by in flat oan de Ie-strjitte en fia de chip waard de eigener opspoard. Dat wie in 45-jierrige bewenner fan de Dokkumerstrjitte. By it werombringen fan de hûn woe hy de 30 euro ûnkosten lykwols net betelje.
De meiwurker fan de diereambulânse waard slein en oare meiwurkers waarden bekûgele mei fan alles en noch wat. De plysje moast geweld brûke om de man te arrestearjen.