Bruno Rummler fyfde op sjongfestival Liet International

13 des 2014 - 09:50

Singer-songwriter Bruno Rummler út Warns is freedtejûn fyfde wurden op it sjongfestival Liet International yn it Dútske Oldenburg. Op de tsiende edysje fan it sjongfestival foar Europeeske minderheidstalen helle Rummler 51 punten mei syn ferske 'Beppe'.

De 19-jierrige Martina Iora út Súd Tirol wûn dizze edysje fan Liet International mei 73 punten mei har ferske 'Via con mia mùsega'. Yn totaal dienen der tsien dielnimmers mei oan it festival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)