DFM: "Opfang asylsikers yn ien fan de gruttere doarpen"

13 des 2014 - 07:40
  • It haadgebou fan Mooi Gaasterland

De gemeenteried fan de Fryske Marren wol in AZC fan 500 asylsikers by ien fan de trije grutte kearnen fan de gemeente. Se wolle gjin AZC yn Riis. Mei dat boadskip giet wethâlder Durk Durksz moandei nei it COA ta.

As it COA dêr akkoart mei giet, moat alles opnij dien wurde, want der is noch net socht nei in lokaasje by De Lemmer, De Jouwer of Balk. As der in plak keazen is dan duorret it noch wol in jier foardat alle fergunnings yn oarder binne. It is de fraach oft it COA de tiid hat. Want dêr leit it foech, seit wethâlder Durksz.

Tom Genee, de eigener fan 'Mooi Gaasterland' yn Riis, is teloarsteld oer de wizige plannen, mar giet troch mei syn stribjen om asylsikers yn Riis te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)