Húsdokterspraktyk Menaam wurdt splitst

12 des 2014 - 20:46

De húsdokterspraktyk fan Menaam wurdt splitst. Beide eigeners hawwe besletten net meielkoar fierder te wollen. Alle pasjinten hawwe in brief thús krigen weryn stiet dat se foar 18 desimber in kar meitsje moatte. Dy kar moatte se skriftlik bekend meitsje by in jurist. Sa moat else pasjint safolle mooglik by syn eigen húsdokter bliuwe kinne.

Wa't net kiest, wurdt yndield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)