Deputearre wol nij ûndersyk útstjit ôffaloven Harns

12 des 2014 - 19:41

Der komt in twadde, ûnôfhinklik ûndersyk nei de útstjit fan de piip fan de ôffaloven yn Harns. It gie yn septimber trije kear mis yn de ôffaloven yn Harns, mar sa as it no liket, binne der gjin gefaarlike stoffen út de piip kaam. Dat seit deputearre Sietske Poepjes, op basis fan ûndersyk fan de gegevens fan sensoaren yn de piip. It giet om in kontrôlesysteem dat fersegele is, sadat der net mei knoeid wurde kin.

Mar om't it sa gefoelich leit by de omwenners, hat de deputearre in ûnôfhinklik buro ynskeakele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)