Miljoenen foar 60 monuminten yn Fryslân

12 des 2014 - 19:28
  • Húns

De provinsje hat de 60 monuminten of markante gebouwen yn Fryslân bekend makke, dy jild krije en dêrmei opknapt wurde kinne. It giet om 6 miljoen euro. Foarbylden binne Oenemastate op It Hearrenfean, de âld-doarpsskoalle yn Húns en de fjoertoer by Warkum. Mar ek oargels en wynmûnen krije jild, sadat se opknapt wurde kinne. Troch de subsydzje wurde der, binnen trije jier, tsientallen miljoenen euro's ynvestearre yn bou- en restauraasjewurk.

Der is fierder ôfpraat dat der 30 plakken foar learlingen komme.

Wichtich foar it krijen fan subsydzje is dat de gebouwen in nije bestimming krije. Wenhuzen kamen net yn oanmerking. It jild komt út de Nuon-pot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)