It Bolwurk yn Dokkum bliuwt foarearst iepen

12 des 2014 - 16:57

It multyfunksjoniel sintrum It Bolwurk yn Dokkum bliuwt foarearst iepen. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel hat in útstel nei de ried stjoerd om it gebou pas begjin augustus ticht te dwaan. It Bolwurk soe eins al op 1 jannewaris ticht om dêrnei ferkocht te wurden. In nije stifting soe it gebou oernimme, mar de plannen dêrfoar binne noch net hielendal rûn.

Mei de lettere slutingsdatum krijt de stifting fan de gemeente krekt wat mear tiid. Ein maart moat dúdlik wêze oft it slagget of net.

Yn augustus moat dan de oerdracht rûn wêze. De gemeente wol fan it Bolwurk ôf om sa jild te besparjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)