Wrâldbeker: Sábliková pakt goud op 3 km, sulver foar Wüst

12 des 2014 - 16:50

De earste ôfstân by de fjirde wrâldbeker reedriden yn Thialf hat foar Nederlân gelyk twa medaljes opsmiten. Ireen Wüst fan It Hearrenfean helle op de 3000 meter sulver yn in tiid fan 4.03,14. Carlijn Achtereekte pakte brûns mei 4.05,95.

It goud wie foar de Tsjechise Martina Sábliková. Sy fersloech Wüst yn de lêste rit yn in spannende einsprint. Se die dat mei in tiid fan 4.02,84.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)