Bert de Jong begjint mediakoöperaasje

Der komt fan jannewaris ôf in nij sjoernalistyk platfoarm yn Fryslân. De Fryske Mediakoöporaasje rjochtet him op berjochtjouwing út Fryslân. Inisjatyfnimmer is Bert de Jong fan De Jouwer, de eardere adjunkt-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. It Fryske mediafûns stipet it inisjatyf mei 75.000 euro. Freelance-sjoernalisten kinne lid wurde fan de koöperaasje en harren ferhalen op it platfoarm publisearje.
Lêzers wurdt om in frijwillige bydrage frege. De Jong makke de plannen freed bekend op it Sieperda-sympoasium yn Tresoar.
Neffens De Jong leit de takomst fan de sjoernalistyk by dit soarte fan lytsskalige inisjativen.