CDA makket him soargen oer dongbelied provinsje

12 des 2014 - 16:15

De CDA-steatefraksje makket him soargen oer it dongbelied yn de provinsje. Neffens steatelid Fernande Teernstra fan Boalsert is in ûnbetrouber rekkenmodel foar it dongbelied brûkt. De universiteit fan Wageningen en steatssiktaris Sharon Dijksma ha oanjûn dat dit saneamde Aerius-model net betrouber is, wylst it yn Fryslân in soad brûkt wurdt.

Mei it programma wurdt berekkene hoefolle dong boeren ferwurkje meie. De gefolgen kinne dêrom grut wêze, tinkt Teernstra. Se wol derom gau wite wat de gefolgen foar de Fryske boeren wêze kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)