Reade tried: Froulju kinne better autoride as manlju

15 des 2014 - 05:59
  • Reade tried

Dat is de stelling hjoed yn de Reade Tried. Eins is it al hast gjin stelling mear, want Belgen hawwe ûndersyk dien en it is neffens dy ûndersikers gewoan wier. Froulju feroarsaakje minder ûngelokken, minder slimme ûngelokken ek, se binne respektfoller en nimme minder risiko's as it giet om snelheid, alkohol en it gebrûk fan de tillefoan achter it stjoer. Dus... De siswize "vrouw achter het stuur, bloed aan de muur" is net fan dizze tiid. Wat binne jo ûnderfinings? Kloppet dit Belgysk ûndersyk of hawwe jo oare ûnderfinings?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)