Ek frijwilligers Pasana troffen troch fallisemint

De ûnsekere tiden by soarchgroep Pasana hawwe net allinnich gefolgen foar minsken dy't by de soarchynstellings wurkje, mar ek foar de goed 500 frijwilligers. Alle dagen binne sy yn it spier om der foar te soargjen dat it sikehûs en de fersoarchingshuzen draaie kinne. Foaral foar de minsken dy't yn de Sionsberg frijwilligerswurk dogge, binne troffen troch it fallisemint.
Benammen de hast 100 frijwilligers dy't yn sikehûs De Sionsberg wurkje binne tige ûnwis oer it behâld fan harren frijwilligerswurk.