Ljouwerter itensbank wurdt fierstente lyts

12 des 2014 - 15:32

Hy barst út syn foegen: de voedselbank yn Ljouwert. De itensbank sit yn in eardere basisskoalle oan de Tylkedaam, mar dêr is te min romte om al it guod op te slaan en de administraasje by te hâlden. Ek de klanten ha der lêst fan. Want dy moatte bûtendoar yn de rige stean, omdat der yn it gebou mar plak is foar fjouwer minsken tagelyk, dy't guod ophelje.

De voedselbank yn Ljouwert siket in nij ûnderkommen. De gemeente siket mei. It nije ûnderkommen moat it leafst twa kear sa grut wêze.

Trefwurden: 
Voedselbank itensbank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)