KNVB blaast gjin amateurwedstriden ôf

Amateurfuotbal © ANP XTRA
Fuotbalbûn KNVB sjocht der fan ôf om dit wykein alle amateurwedstriden ôf te blazen. Dat lit it distrikt Noard fan it bûn op Twitter witte. Troch it minne waar lizze in soad fjilden yn Fryslân der tige wiet by. Sa geane de thúswedstriden by Drachtster Boys, dy't op gers spile wurde, net troch. Dat betsjut dat ek it earste alvetal sneon net yn aksje komt.
Foarearst liket it derop dat de wedstriden fan ONS Snits, Harkemase Boys en de Fryske earsteklassers wol gewoan trochgean kinne.