SC Hearrenfean leit Sweedske middenfjilder Thern fêst

12 des 2014 - 13:01

SC Hearrenfean hat Simon Thern offisjeel fêstlein. De 22-jierrige middenfjilder komt oer fan Malmö FF en tekenet in kontrakt foar 3,5 jier mei in opsje foar noch in jier. Thern is ek al ien kear yn aksje kaam as Sweedsk ynternasjonal. Fierder is SC Hearrenfean dwaande mei it binnenheljen fan Valon Ahmedi.

Ahmedi is Albaneesk ynternasjonal, waard berne yn Masedoanië en groeide op yn Italië. Ahmedi is 20 jier en spilet by it Sloveenske Celje, benammen as fleugeloanfaller.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)