Gjin nijjiersfeest yn Feanplaza op It Hearrenfean

12 des 2014 - 12:24

It nijjiersfeest yn Feanplaza op It Hearrenfean giet dit jier net troch. De organisator krijt it jild net byinoar. De gemeente ûndersiket dêrom mei plysje, brânwacht en hoareka de mooglikheden foar in alternatyf. Under betingst meie dit jier in tal hoarekasaken mei de jierwiksel iepen wêze. Sa is der in ferplichte kaartferkeap en mei nei 3 oere nachts net ien mear yn de kafees talitten wurde.

De lêste jierren wie it feest yn Feanplaza it fêste plak mei de jierwiksel. De lêste edysje luts sa'n 1500 besikers, benammen jongerein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)