Gjin flaggeparade skoalbern oer de Heak om Ljouwert

12 des 2014 - 11:36
  • Heak om Ljouwert

De flaggeparade fan skoalbern oer de Heak om Ljouwert giet freedtemiddei net troch. 350 bern út groep 5 en 6 fan basisskoallen ha flaggen makke. It is it doel om de flaggen no moandei op te hinggen op flaggemêsten by de Werpsterhoeke, it Drachtsterplein en it Europaplein.

De Dickens krystfair yn Dokkum begjint troch de stoarm freed letter. Yn stee fan om healwei twaen no om fjouwer oere. It duorret oant tsien oere jûn. De winterfair dy't freed yn Drachtsterkompenije hâlden wurdt is ferpleatst fan 'e sportfjilden nei kafee Aans.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)