Himpplantaazje oprôle yn Ljouwerter Oranjewyk

Himpkwekerij © ANP
Twa Bulgaren fan 41 en 57 jier binne tongersdei oan de Gysbert Japicxstrjitte yn Ljouwert oppakt foar it kweken fan himp. De twa stiene bûten by in loads dêr't de plysje in himpplantaazje mei 760 planten oantroffen hie. De âldste fertochte hat bekend dat er de loads hierd hie om himp te kweken.
Planten en apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige. Beide manlju sitte noch fêst.