Noch gjin beslút oer ferfolging foar oanriding Sint Nyk

12 des 2014 - 10:21

It Iepenbier Ministearje wachtet noch hieltiid op rapportaazjes fan it ûndersyk nei de oanriding yn Sint Nyk fan ôfrûne augustus. Dêrby wie in frou út it doarp op twa jonges ynriden. Ien fan harren rekke dêrby swier ferwûne. It IM moat ûnder oare noch in technysk rapport krije, dat útwize moat hoe hurd de frou krekt ried.

Hoe lang dat duorje sil, kin it IM net sizze. Pas as alle ynformaasje binnen is, wurdt in beslút naam oer it ferfolgjen fan de frou. It IM seit de saak hiel soarchfâldich te behanneljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)