"Mei twa wike dúdlikens oer oername âldereinsoarch Pasana"

12 des 2014 - 07:42

Der komt oer ien of twa wike mear dúdlikens oer de oername fan de soarchsintra fan de fallite soarchgroep Pasana. Dat seit Paul Rensema, âld direkteur fan de âldereinsoarch fan Pasana. De fersoargingshuzen binne yn ôfwachting fan in oername ûnderbrocht yn in fangnetstichting. Dy stiet ûnder bewâld fan soarchfersekerder De Friesland.

Neffens de lêste berjochten binne der fjouwer partijen foar de oername yn de merk. Hoefolle banen dêrby behâlden bliuwe kinne is ûnwis. De fakbûnen hawwe moandei wer in oerlis mei de kuratoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)