Lêste oerkes foar lesmaraton Friese Poort yn Drachten

12 des 2014 - 07:10

Studinten fan de Friese Poort yn Drachten folgje in lesmaraton foar in projekt yn Nepal. Sûnt tongersdeitemoarn 10 oere krije se 24 oeren nonstop les. It giet om goed 100 MBO-studinten Soarch en Wolwêzen en studinten Technyk.

Mei de opbringst fan de aksje wurdt yn febrewaris sanitêr pleatst yn Nepal en krije bern fan pleatslike basisskoallen les yn gebitsfersoarging en hygiëne. De lesmaraton moat sa'n 10.000 euro opsmite.

De lesmaraton hat hast 6300 euro opbrocht. Dêrmei is it doel, in sanitêrgebou bouwe yn Nepal, helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)