Wim Stroetinga hat brutsen skouder

Wim Stroetinga © awfoto.nl
Hurdfytser Wim Stroetinga út Aldeberkeap hat it ôfrûne wykein it skouder brutsen by in fal yn 'e koppelkoers op de baan. Stroetinga ried yn Londen mei yn de wrâldbekerwedstriid. Hy tocht earst noch dat de skea wol tafoel en twittere dat er neat brutsen hie. Undersyk yn it sikehûs hat tongersdei útwiisd dat er wol wat brutsen hat. Freed wurdt yn Amersfoort fierder ûndersyk dien om te sjen oft er ûnder it mes moat.