Strieljager Ljouwerter fleanbasis opknapt

11 des 2014 - 19:55
  • De strieljager op transport oer it Van Harinxmakanaal

In âlde strieljager út 1956 fan de fleanbasis Ljouwert is hielendal opknapt by Elzinga Spuiterij yn Jirnsum. De Gloster Meteor is tongersdei op in ponton takele en wurdt freed oer it wetter nei Ljouwert brocht. It jachtfleantúch wie te breed om oer de dyk ferfiere te kinnen.

As de strieljager wer by de basis is, krijt it fleantúch syn plakje by de yngong werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)