Basketbalklup Aris hellet twa nije spilers

11 des 2014 - 17:03

Basketbalklup Aris út Ljouwert hat twa nije spilers helle. It giet om Quincy Treffers en Nigel van Oostrum. Beide manlju spylje no noch foar Den Helder Kings, de basketbalklup dy't op it rântsje fan in fallisemint stiet.

Treffers en Van Oostrum komme by Aris yn it plak foar Jesse Markusse, dy't foarige wike yn Ljouwert dien krige. De nije oanwinsten sille sneon fuort al meidwaan yn de wedstriid tsjin Landstede Basketbal út Zwolle.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)