Ferwerderadiel betellet dochs mei oan gemaal yn seedyk

11 des 2014 - 16:26
  • It plak dêr't it nije gemaal komme moat

De gemeente Ferwerderadiel betellet dochs mei oan it gemaal yn de seedyk by Marrum. Earder wie der binnen it kolleezje gjin oerienstimming. Boargemaster Wil van den Berg en wethâlder Jelle de Vries fûnen de gemeentlike bydrage fan 261.000 euro te heech. Wethâlder Jaap Hijma wie wol foar de bydrage.

Dat Van den Berg en De Vries dat no ek fine, komt trochdat de gemeentlike bydrage oan it 13 miljoen kostjende gemaal pas yn 2017 betelle hoecht te wurden. Dêrmei past it binnen de begrutting. De gemeenteried praat der op 19 desimber oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)